Alternaria | ||
Swarte-plakkesykte op woartel | ||
Taksonomy | ||
domein: | eukaryoaten (Eukaryota) | |
ryk: | skimmels (Fungi) | |
stamme: | Ascomycota | |
klasse: | Dothideomycetes | |
ûnderklasse: | Pleosporomycetidae | |
skift: | Pleosporales | |
famylje: | Pleosporaceae | |
skaai: | Alternaria | |
Nees |
Alternaria is in skimmelskaai, dat by de Ascomyceten heart. Alternaria-soarten binne wichtige feroarsakers fan plantesykten. Dêrnjonken binne der ek saprofityske soarten. Alternaria-soarten produsearje mykotoksinen, lykas alternariol. Se wurde mei it ûntstean fan sloktermkanker yn ferbân brocht. De yn ‘e hûs foarkommende soarten meitsje allergenen, dy’t heakoarts feroarsaakje of oergefoeligensreaksjes jouwe dy’t bytiden ta astma liede. By aids-pasjinten fersoarsaakje se opportunistyske reaksjes.
Alternaria-soarten hearre by de saneamde Fungi imperfecti. Se foarmen gjin asci (spoaresekje) en plantsje har net-slachtlik fuort troch de foarming fan mearsellige, raket- of knotsfoarmige konidiums. Ut genetysk ûndersyk blykt dat in soad Alternaria-soarten as telemorf (slachtlik stadium) ta it skaai Lewia hearre.[1] Alternaria-soarten dy;t net ta dit skaai rekkene wurde kinne op grûn fan har slachtlik stadium, wurde net langer as Alternaria-soarten beskôge.
Der binne 299 soarten bekend.[2]