Bassaksofoan

Bassaksofoan

De bassaksofoan is ien fan de leechste ynstruminten út de saksofoanfamylje; allinnich de kontrabassaksofoan en de subkontrabassaksofoan binne noch leger. De bassaksofoan stiet stimd yn bes en wol in oktaaf leger as in tenoarsaksofoan.

De bassaksofoan is it earste type saksofoan dat troch de Belgyske útfiner Adolphe Sax (1814-1894) boud is. Dêrby moat oanjûn wurde dat syn earste bassaksofoan yn C stimd stie. Dat yn tsjinstelling ta de hjoeddeiske (2007) bassaksofoanen dy't yn Bb steane.

De bassaksofoan hie syn gloarjetiid yn de jierren 1920 - 1930 yn jazzorkesten. In wichtich part fan syn populariteit hie te krijen mei it feit dat it ien fan de pear lege ynstruminten wie dat mei de knoffelige opnametechniken fan dy tiid goed brûkt wurde koe foar plaatopnamen.

In iere pionier op dat mêd wie Adrian Rollini (1903 - 1956). Eins is dy oant hjoed de dei ta de absolute grutmaster fan de bassaksofoan. Ek yn de orkesten fan Fletcher Henderson (soms bespile troch Coleman Hawkins) en fan Duke Ellington (bespile troch Otto Hardwick) waard it ynstrumint brûkt.

Bekende bassaksofoanisten binne ek Min Leibrook en Adrian Rollini út it orkest fan trompettist Bix Beiderbeke. It bekendste bassaksofoannûmer is: The Teddybears Walz (útfierd yn The Singing Detective).

Yn Nederlân binne Andreas van Zoelen, Bert Brandsma út Fryslan, de lieder fan de Dixieland Crackerjacks en Alex de Leeuw bekende bespilers fan de bassaksofoan.

Nei de tweintiger jierren waard de bassaks minder brûkt. Inkeld wurdt er brûkt yn de harmonymuzyk. Ek yn de tradisjonele jazzmuzyk komt er inkeld nochris foar. Leonard Bernstein skreau de bassaksofoan foar yn de oarspronklike ferzje en de filmmuzyk fan West Side Story.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy