Beskermgeast

De murale kroan fan 'e goadinne Sybêle symbolisearret de muorren fan 'e stêd dêr't hja de patronesse fan is.

In beskermgeast is in geast of in oarsoartich mytysk wêzen dat de beskermer is fan in beskate stêd, in oar geografysk plak (lykas in berch), in persoan, in geslacht, in folk, in kultuer of in beropsgroep. Ien fan 'e bekendste foarbylden fan in beskermgeast is de patroangod, dy't yn in protte godstsjinsten foarkomt. Yn it kristendom is út dat idee letter de beskermhillige ûntstien. In oare foarm fan 'e beskermgeast dy't yn it kristendom foarkomt, is de beskermingel.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy