Donkerread

donkerread
kleurkoördinaten
heksadesimaal #8B0000
RGBª (rgb) (139, 0, 0)
CMYKº (cmyk) (0, 100, 100, 45)
ª) normalisearre nei [0-255] (byte)
º) normalisearre nei [0-100] (%)

Donkerread, ek: dûnkerread, is in kleur dy't beskôge wurdt as in donkere tint fan read, dy't nei brún niget. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is it in primêre kleur, yn 'e sin dat it in foarm fan read is en ek mei inkeld dy kleur ljocht werjûn wurde kin. Mar by subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it in tertiêre kleur, dy't yn teory produsearre wurdt troch it fermingen fan maginta mei giel en syaan (mar yn 'e praktyk troch de minging fan maginta mei giel en swart, om't dat bettere resultaten jout).


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy