Eagmaryp

Eagmaryp
Klokkestoel
Klokkestoel
Polityk
Provinsje Fryslân
Gemeente De Fryske Marren
Sifers
Ynwennertal 110 (1 jannewaris 2023) [1]
Oerflak 3,65 km²
lân: 3,56 km²
wetter 0,09 km²
Befolkingsticht. 29 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 0' N 5° 47' E
Offisjele webside
Side Terkaple-Eagmaryp
Kaart
Eagmaryp (Fryslân)
Eagmaryp
Kaart
Klokkestoel
Himrik fan Eagmaryp yn de eardere gemeente Skarsterlân

Eagmaryp is in doarp noardlik fan de Jouwer yn de gemeente De Fryske Marren.

It doarp leit yn de Lege Wâlden. 'Wâlden' wiist op in begroeiïng mei strewellen en lege boskjes. Trochdat it gebiet sa leech leit hie men yn it ferline in soad wetteroerlêst. By Eagmaryp leit ek it natoergebiet de Blaugerzen, it grutste blaugerslân fan Nederlân.[2]

Eagmaryp hat in klokkestoel. Eagmaryp is foaral bekend fanwegen it earrebarredoarp krekt bûten it doarp.

Eagmaryp hat 110 ynwenners (1 jannewaris 2023, boarne: CBS).

  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. www.friesland.nl, oproppen 4 desimber 2022

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy