Gododdinen

De Gododdinen (Gododdin) wienen Britsk folk fan noardeast Brittanje (noardeast Ingelân en súdeast Skotlân) yn de sub-Romeinske tiid, yn it gebiet dat bekend is as Hen Ogledd of 'it Alde Noarden'. Hja binne it ûnderwerp fan it 6e iuwske Welske gedicht Y Gododdin, dat de Slach fan Catraeth betinkt en taskreaun wurdt oan Aneirin.

De namme Gododdin is de moderne Welske foarm, fia it Ald Welske Guotodin ôflaat fan it Britonske wurd Votadini, dat foar komt yn Grykske teksten út de Romeinske tiid.[1]

  1. Klaudius Ptolemaeus, "Geographia" (2e iuw)

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy