Ortsbezirk

Ortsbezirke binne ûnderferdielings fan in gemeente yn 'e Dútske dielsteaten Hessen en Rynlân-Palts. Gemeenten hawwe de mooglikheid harren hiele gebiet op te dielen yn Ortsbezirke of allinne in diel dêrfan.

In Ortbezirk hat in Ortsbeirat (in ried fan it plak), dy't troch in Ortsvorsteher foarsitten wurdt. It tal leden fan sa'n Ortsbeirat is yn 'e gemeenteried bepaald.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy