Paternostertsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Israel | |
plak | Jeruzalim | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1872-1875 (kleastertsjerke); 1915-1927 (de ûnfoltôge Eleonatsjerke) |
De Paternostertsjerke is in roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Jeruzalim. De tsjerke stiet op de Oliveberch op it plak dêr't Jezus de dissipels it Us Heit leard hawwe soe en makket diel út fan in kleaster. De Paternostertsjerke stiet njonken de ruïnes fan de 4e iuwske byzantynske Eleonatsjerke, dy't yn de 20e iuw foar in part rekonstruearre waard. De grûn dêr't de twa tsjerken en it kleaster op steane is steatsbesit fan Frankryk.