Stift

Prinsbisdom Utert (1350).

In stift wie in territoarium, dêr't in abt, in proast of in (prins)biskop it ek yn wrâldske saken it foar it sizzen hie. It wie dus in gebiet dat folslein ûnder it bestjoer fan in tsjerklike ynstelling foel. Yn 'e regel waard in stift oprjochte troch keningen, hartoggen of aadlike famyljes mei in soad besit. Dat diene hja faak om religieuze of politike redenen.

De âldste fan sokke ynstellingen wiene de kleasters. Neffens it foarbyld fan 'e kleasters ûnstie letter it kanonike libben fan geastliken, dy't ferbûn wiene oan katedralen en kollegiale stifttsjerken. De wizânsjes fan Augustiner Koarhearen en Premonstratinzers binne te ferlikenjen mei de monastike regels fan in kleaster. Sokke koarhearen wurde reguliere koarhearen neamd. Oars as de reguliere koarhearen fan biskoplike tsjerken meitsje de sekuliere koarhearen net folslein diel út fan 'e mienskip en kinne hja ynkommen en priveebesit ha.

It grifformearde Petrus en Paulusstift fan Bardowick (1720).

Mei de ynfiering fan 'e reformaasje rekken de stiften yn 'e protestantske gebieten de wrâldske macht kwyt, alhoewol't de stiften lang net oeral opheft waarden en as mienskip bestean bleaune. Mei de sekularisaasje oan it begjin fan 'e 19e iuw rekken ek de stiften yn 'e katolike gebieten de wrâldske macht kwyt. Ek hjoed-de-dei binne der yn Dútslân noch stiften, mar dy binne folslein oan 'e oerheid ûnderhearrich.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy