In aartsbiskop is yn de hiërargy fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, Anglikaanske Tsjerke en Lutherske Tsjerke, en yn oare tsjerken mei apostoalyske suksessy, in biskop dy't oan it haad stiet fan in aartsbisdom. Dat aartsbisdom is faak it wichtichste bisdom yn dy tsjerkeprovinsje, foarme troch in tal fan bisdommen. De aartsbiskop is dan tagelyk metropolyt fan dizze tsjerkeprovinsje.
Dy aartsbiskop kin lykwols ek biskop wêze fan in aartsbisdom dat gjin suffragane bisdommen hat. Dizze aartsbiskop is gjin metropolyt. In foarbyld hjirfan is de aartsbiskop fan Lucca yn Itaalje.
Ien kin ek ta aartsbiskop beneamd wurde as earetitel bygelyks as er by de pauslike hofhâlding wurket (de Curie) of yn diplomatike tsjinst is fan de Paus. Hy is dan titulêr biskop fan in bisdom dat net mear bestiet.