Aastersk

Aastersk
algemien
eigen namme Aasters
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers >100 (skatting, 2018)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Westerlauwersk Frysk
            ● Aastersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal?)

It Aastersk (Aastersk: Aasters) is it Fryske dialekt dat sprutsen wurdt op it eastlike part fan it ta de provinsje Fryslân hearrende Waadeilân Skylge. It is nau besibbe oan it Skylgersk, it dialekt fan it westlike part fan Skylge. De beide Fryske susterdialekten wurde faninoar skaat troch it Midslânsk, it Hollânske dialekt dat sprutsen wurdt op 'e midden fan it eilân. It is mei it Aastersk sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw sterk yn it neigean rekke, om't de taal frijwol net mear trochjûn wurdt oan 'e bern. It is sadwaande fral in ûnderling kommunikaasjemiddel fan 'e âldere generaasjes wurden.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy