Administraasje

Administraasje.

Administraasje, fan it Frânske administration, mei deselde betsjutting, is kantoarwurk yn 'e breedste sin fan it wurd. Foarhinne gie it dêrby yn 'e regel om it byhâlden fan 'e finansjele ferantwurding yn in boekhâlding, besteande út û.m. kasboeken, sjoernaaloersichten, ensfh. Dat waard dien troch alle posten mei de hân yn te foljen en út te skriuwen. Njonken it boekhâldkundige aspekt omfieme de administraasje ek it skriuwen fan brieven, it argivearjen fan dokuminten, it ferstjoeren fan rekkens, ensfh.

Yn 'e rin fan 'e tweintichste iuw die de typmasine syn yntree, wêrmei't in diel 'e administraasje op in nettere en faak ek fluggere wize ferrjochte wurde koe. Dêrby gie it yn it foarste plak om it skriuwen fan brieven en rekkens, en noch net sasear om it byhâlden fan kasboeken. Yn 'e 1990-er jierren, doe't de kompjûter foar bedriuwsmjittige doelen beskikber kaam, feroare dat. Fan dy tiid ôf giene de measte ûndernimmings foar de boekhâlding stadichoan oer op in digitale foarm.

Tsjintwurdich omfiemet de administraasje sadwaande foar in grut part it byhâlden fan automatisearre databases foar û.m. personielssaken as de útbetelling fan salaris, de registraasje fan frije dagen, ensfh. Yn 'e sûnenssoarch wurdt ek in medyske administraasje fan 'e pasjinten byholden, en yn 'e transportsektor hawwe bedriuwen in logistike administraasje foar it planearjen fan ritten. Lju dy't op 'e administraasje fan in bedriuw of ynstelling wurkje, wurde administratyf meiwurkers neamd. Behalven boekhâldkundige krêften wurde dêr yn bredere sin ek resepsjonisten, sekretaresses, managementassistinten, office managers, direksjesekretaresses en oare sekretarieel meiwurkers ta rekkene.

De muoite of kosten foar ûndernimmings, ynstellings en partikulieren om oerheidsregels nei te libjen en fergunnings oan te freegjen wurdt wol oantsjut as de administrative lêstedruk of ek wol administrative regeldruk. Dy komt bgl. by in belestingwet boppe-op de eigentlik betelling fan 'e belesting, en by in subsydzje foarmet soks de kearside foar de oanfreger. By yntroduksje, wizigings of ôfskaffing fan regelings is dêrom faak it stribjen om 'e lêstedruk te ferminderjen of alteast net te folle tanimme te litten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in