Aerosol

Wolken

In aerosol, fan Gryksk aero ("lucht") en Latyn solve ("oplossing") is in kolloïdaal mingsel fan stofdieltsjes of floeistofdrippen yn gas. Harren grutte leit tusken 0,2 oant 200 mikrometer. Wolken en mist binne foarbylden fan in aerosol; hja bestean beide út hiel lytse dripkes wetter yn ’e loft. In foarbyld fan in aerosol dy't út fêste dieltsjes bestiet is reek. In aerosol mei fêste dieltsjes kin út natuerlike boarnen ûntstean, lykas sân of seesâlt, of troch minsklike aktiviteiten, bygelyks roet.

De term aerosol wurdt ek faak brûkt foar de ynhâld fan in spuitbus.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy