Afrikaanske Uny

Flagge fan de Afrikaanske Uny

De Afrikaanske Uny (koartsein AU) is in ynternasjonale organisaasje besteande út fjouwer-en-fyftich Afrikaanske lidsteaten. Stifte yn Durban yn july 2002, de AU wie in ferfanger foar de organisaasjes African Unity en de African Economic Community.

De AU hat ta doel, ien jildienheid yn te fieren en útein te setten mei in yntegrearre armee, lykas oare ynstitúsjes dy't in steat hat, ynklusyf in kabinet foar it AU Siktaris-Generaal. Dit hat ta doel it ferbetterjen fan feiligens foar de demokrasy op it kontinint, minskenrjochten, en waaksen fan de Afrikaanske ekonomy, troch it einigjen fan konflikten tusken beskate Afrikaanske lannen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy