Alberta

Alberta
Alberta
flagge wapen
Latyn: Fortis et liber ("Frij en sterk")
lokaasje yn Kanada
algemien
ôfkoarting AB
lân Kanada
status (jier) provinsje (1905)
haadstêd Edmonton
grutste stêd Calgary
offisjele taal Ingelsk
sifers
ynwennertal 3.645.257 (2011)
befolkingstichtens 5,7 / km²
oerflak 661.848 km² (ynkl. wetter)
640.081 km² (allinnich lân)
bykommende ynformaasje
tiidsône UTC -7
webside www.alberta.ca

Alberta is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it súdwesten fan it lân, en heart ta de regio's fan 'e Kanadeeske Prêrjes en Westlik Kanada. De provinsje is wat oerflak oanbelanget ien fan 'e middenmoaters ûnder de Kanadeeske gewesten, mei 6,6% fan it nasjonaal grûngebiet. Alberta stiet bekend om syn natuerskientme, benammen wat it diel fan 'e provinsje oanbelanget dat yn 'e Rocky Mountains leit. It is ek de iennichste Kanadeeske provinsje mei in echte cowboy-kultuer, dêr't rodeo ien fan 'e populêrste sporten is. De haadstêd fan Alberta is Edmonton, mar de grutste stêd is Calgary. Neffens sifers fan 'e folkstelling fan 2011 hie Alberta doe rom 3,6 miljoen ynwenners, wat delkomt op 10,9% fan 'e totale Kanadeeske befolking.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy