Aldersielen is is in betinkingsdei út 'e roomsk-katolike tradysje fan it Westersk kristendom. Dizze hjeldei falt op 2 novimber, de deis nei Alderheljen, dêr't it nau mei ferbûn is. Op Aldersielen wurde de ferstoarnen betocht en wurdt in rekwiëmmis opdroegen. De djipdrôven lizze blommen op it grêf fan dejinge(n) dy't se betinke wolle. Neffens de roomske tradysje is Aldersielen in dei om spesjaal te bidden foar alle sielen dy't noch net opgien binne nei de himel, mar noch harren wrâldske sûnden fuortbrâne yn it faaiefjoer.
As Aldersielen op in snein falt, hat de hjeldei altyd foarrang op 'e sneinske liturgy.
Yn in protte parochys yn Nederlân is it gebrûklik dat der yn 'e tsjerke in krúske ophongen wurdt as der in parochiaan komt te ferstjerren. By de earstfolgjende Aldersielen komme de djipdrôven fan dy persoan dan yn 'e tsjerke om dat krúske yn ûntfangst te nimmen.
Aldersielen fynt syn oarsprong yn 'e benediktiner kleastertradysjes fan 'e Abdij fan Cluny, dêr't Odilo fan Cluny dizze hjeldei yn it jier 998 foar it earst fiere liet. De namme 'Aldersielen' stammet út 'e trettjinde iuw.
Behalven yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt Aldersielen ek fierd yn 'e Eastersk-katolike tsjerken. Yn 'e Anglikaanske Tsjerke is de fiering opsjoneel. Yn it lutheranisme is Aldersielen mei Alderheljen ferraand ta ien hjeldei. It metodisme beskôget alle kristlike ferstoarnen as hilligen, en dy wurde troch metodisten dêrom betocht op Alderheljen ynstee fan Aldersielen. Yn it kalvinisme wurde Aldersielen en Alderheljen net fan âlds net fierd, mar tsjintwurdich wurdt der, alteast yn 'e kontekst fan 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN), hieltyd mear omtinken oan jûn, al binne it noch altyd gjin offisjele hjeldagen.