Aldfrysk

Aldfrysk
algemien
taalgebiet Noardseekust fan Noardwest-
Jeropa
skrift runen, Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Noardwestgermaansk
        ● Frysk
          ● Aldfrysk
skaaimerken
tiidrek ±7e iuw1550 (oerlevere 1150-1550)
ûntstien út Noardwestgermaansk (Proto-Frysk)
ûntjûn ta Midfrysk
Mideastfrysk
Midnoardfrysk
taalkoades
ISO 639-3 ofs

It Aldfrysk wie de Westgermaanske taal dy't yn 'e Midsiuwen oan 'e Noardseekust fan Noardwest-Jeropa sprutsen waard troch de Friezen. It wie dêrmei de foarrinder fan 'e moderne Fryske talen. It Aldfrysk ûntjoech him rûchwei om 'e sânde iuw hinne út it Proto-Fryske dialekt fan it Noardwestgermaansk. It wie in behâldende taal, dy't pas tsjin 1550 sadanich feroare wie, dat fan Midfrysk sprutsen wurde kin. Om't de ierste Aldfryske tekst út 'e tolfde iuw datearret, wurdt it Aldfryske tiidrek ek wol omskreaun as duorjend fan 1150 oant 1550. Dizze taal is benammen oerlevere yn 'e foarm fan oarkunden en wetsteksten. Wol besteane der âldere ynskripsjes dy't skreaun binne yn Anglofryske runen, mar dy binne mar minmachtich, en boppedat faak foar mearderlei útlis fetber.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in