Aleoeten

Aleoeten
polityk
soarte gebiet eilannegroep
lân Feriene Steaten
steat Alaska
grutste plak Dutch Harbor
sifers
ynwennertal 8.162 (2000)
oerflak 17.670 km²
befolkingstichtens 0,5 / km²
oar
tiidsône UTC –9 / –10
simmertiid UTC –8 / –9
Dizze side giet oer de eilannegroep de Aleoeten. Foar it folk, sjoch: Aleoeten (folk).

De Aleoeten (Ingelsk: Aleutian Islands) foarmje in 1.900 km lange keatling fan 14 grutte fulkanyske eilannen en 57 lytseren yn it noarden fan 'e Stille Oseaan. De arsjipel heart ta de Amerikaanske steat Alaska. Mei it Alaska-skiereilân, dat ûnderdiel fan it Alaskaanske fêstelân útmakket en skerp útstiket yn 'e rjochting fan 'e eastlikste eilannen fan 'e groep, en yn 'e mande mei de Russyske Kommandeurseilannen en it skiereilân Kamtsjatka foarmje de Aleoeten de skieding tusken de gruttere Stille Oseaan, yn it suden, en de Beringsee, yn it noarden.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in