Aleoetysk | ||
algemien | ||
eigen namme | Unangam Tunuu | |
lânseigen yn | Feriene Steaten Ruslân | |
tal sprekkers | 155 (2007) | |
skrift | Latynsk alfabet Syrillysk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Eskimo-Aleoetysk ● Aleoetysk | |
dialekten | Atkaansk, Attûaansk †, Eastaleoetysk | |
taalstatus | ||
offisjele status | Alaska | |
erkenning as minderheidstaal |
Ruslân | |
taalkoades | ||
ISO 639-2 | ale | |
ISO 639-3 | ale |
It Aleoetysk (Ingelsk: Aleut; Aleoetysk: Unangam Tunuu, Syrillysk skrift: Унáҥам Туну́) is de lânseigen taal fan 'e Aleoeten, in folk dat yn it súdwesten fan 'e Amerikaanske steat Alaska libbet, en teffens op 'e Kommandeurseilannen, dy't diel útmeitsje fan it Fiere Easten fan Ruslân. It Aleoetysk heart ta de Eskimo-Aleoetyske talen, en is besibbe oan 'e Eskimo-talen. Der binne tsjintwurdich net folle sprekkers fan 'e taal mear oer. As skrift wurdt sawol it Latynske alfabet as it Syrillyske alfabet brûkt. Yn 'e Russyske Federaasje genietet it Aleoetysk erkenning as minderheidstaal en yn Alaska hat it in offisjele status.