Alfabet

skriuwletters sa't se ûnderwiisd wurde

In alfabet of – yn it bysûnder mei betrekking ta it Latynske alfabet – abc (meartal: alfabetten of abc's) is in samling symboalen om ekwifalinten fan klanken yn de sprutsen taal skriftlik wer te jaan. Yn dizze sin betsjut alfabet hast itselde as skrift (alfabetysk skrift).

In alfabet is boppedat de standarisearre folchoarder dêr't de tekens yn oardere binne. Dêrmei is it in handich helpmiddel by it systematysk oarderjen en weromfinen fan benammen literatuer en wittenskiplike ynformaasje. It prinsipe fan alfabetisearring makket it bygelyks handich om in boek yn de bibleteek op namme fan de skriuwer gau werom te finen, of om in wurd mei de byhearrende definysje op te sykjen yn in wurdboek.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in