Alfred Stieglitz

Alfred Stieglitz anno 1902

Alfred Stieglitz (Hoboken, Nij-Jersey, 1 jannewaris 186413 july 1946) wie in Amerikaanske fotograaf en pleiter foar de moderne keunst. Stieglitz wie ek bekend fan de keunstgaleryen dy't er begjin 20e iuw yn New York City hie; hy yntrodusearre in protte Europeeskse avant-garde keunstners yn Amearika. Hy wie troud mei de skilderesse Georgia O'Keeffe.

Yn syn lange karriêre makke Stieglitz goed 2500 ûntwikkele foto's. Nei syn ferstjerren makke syn frou (O’Keefe) in oersjochsamling fan de bêste en meast komplete foto's, meast foto's dy't hja sels as de bêste beskôge fan wat har man makke hie. Yn guon gefallen brûkte sy ferskillende ferzjes fan deselde foto.

Dy fotosearjes binne fan tige grutte wearde omdat se in byld jouwe fan Stieglitz' ynsjoch yn estetyske komposysjes. Se keas allinne de troch Stieglitz sels ûntwikkele foto's, omdat hy fûn dat in wurk net ôf wie at dy stap net trochmakke wie. Yn 1949 joech sy it earste part, dy't hja de "key set" neamde, fan 1317 foto's oan de National Gallery of Art yn Washington D.C.. Yn 1980 heakke sy dêr nochris 325 foto's oan ta; it wiene meast foto's fan harsels, dêr't in soad neakens ûnder wiene. Dat totaal wienen it 1642 foto's. It is meast grutte en folsleine samling fan Stieglitz syn wurk yn de wrâld. Yn 2002 publisearre de Nasjonale Galery in katalogus fan 1012 siden yn twa bannen, de folsleine set, mei sekuere beskriuwingen fan de foto's.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in