Algonkwynske talen

Algonkwynske talen
algemien
lokaasje sintraal en eastlik
Noard-Amearika
tal talen ±26 en ±27 †
tal sprekkers <150.000
taalbesibskip
taalfamylje Algysk
   ● Algonkwynsk
subgroepen Eastalgonkwynsk
Flakte-Algonkwynsk
Middenalgonkwynsk
taalkoades
ISO 639-5 alg

De Algonkwynske talen binne ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika. Mei de lytse isolearre talen Joerok (Yurok) en Wiot (Wiyot) foarmje de Algonkwynske talen de (mar justjes) gruttere Algyske taalfamylje. It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e Rocky Mountains. It Proto-Algonkwynsk, de oertaal dêr't alle lettere Algonkwynske talen út fuortkomme, waard tusken 2.500 en 3.000 jier lyn sprutsen, mar taalwittenskippers kinne it der net oer iens wurde wêr't dat krekt wie.

Krektlyk as mei de Irokeeske talen it gefal is, wêrfan't de sprekkers de tradisjonele fijannen fan 'e Algonkwynsktalige folken wiene, binne ek in protte Algonkwynske talen útstoarn sûnt de Jeropeeske kolonisaasje fan it Noardamearikaanske kontinint yn 'e santjinde iuw begûn. In grut tal oare Algonkwynske talen ferkeare op 't heden op it rântsje fan it útstjerren, mei sprekkersoantallen fan minder as hûndert en soms sels minder as tsien. Oan 'e oare kant omfettet de Algonkwynske taalfamylje ek guon fan 'e meast sprutsen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika, lykas it Kry (Cree) en it Odjibwe (Ojibwe), mei (yn 1999) 60.000, resp. 45.000 sprekkers. Ien taal, it Massatsjûset, is koartby nij libben ynblaasd nei't er mear as in iuw lang útstoarn west hie.

Fersprieding fan 'e Algonkwynske talen yn Noard-Amearika (foar de kolonisaasje fan it kontinint troch de blanken).

De namme "Algonkwynsk" (Ingelsk: Algonquian) moat trouwens net betize wurde mei de derop lykjende oantsjutting Algonkin (Ingelsk: Algonquin of Algonkin), dat in nau mei it Odjibwe besibbe Algonkwynske taal is.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in