Amearika (kontinint)

Lokaasje fan Amearika.
Topografyske kaart fan Amearika.
Kaart dy't sjen lit yn wat tiidrek de lannen harren ûnôfhinklikheid krigen. Swarte lannen binne net selsstannich.

Amearika is in lânmassa op it westlik healrûn dat eastlik fan de Grutte Oseaan en westlik fan de Atlantyske Oseaan leit. Amearika wurdt oer it algemien ferdield yn Noard-Amearika en Súd-Amearika, mar der besteane ek oare yndielings, bygelyks Noard-Amearika, Midden-Amearika en Súd-Amearika.

De namme Amearika is ôflaat fan de Italjaanske ûntdekkingsreizger Amerigo Vespucci (1454-1512). In wrâldkaart dy’t yn 1507 troch Martin Waldseemüller publisearre waard wie de earst bekende publikaasje dêr't de namme yn brûkt waard.

Yn de measte talen wurde mei de termen Amearika en Amerikanen faak allinnich de Feriene Steaten fan Amearika en harren ynwenners bedoeld. Noard- en Súd-Amearika hawwe tegearre likernôch 1.091.000.000 ynwenners.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in