Angelsaksyske Amerikanen

Angelsaksyske Amerikanen

It Amerikaanske Kapitoal, yn Washington, D.C..
flagge
populaasje
oantal 20.200.000 (2000)
taal Ingelsk (Amerikaansk-Ingelsk)
godstsjinst kristendom
erkenning
steatsdragend folk Feriene Steaten
erkende minderheid gjin spesifike erkenning
fersprieding
Feriene Steaten: 22.951.000

De Angelsaksyske Amerikanen of etnyske Amerikanen, yn it deistich spraakgebrûk meastal oantsjutten mei de foar mearderlei útlis fetbere term "Amerikanen", foarmje in befolkingsgroep yn 'e Feriene Steaten fan Amearika. Hja binne foar it meastepart blanken fan wa't de foarâlden al sa lang lyn nei de Nije Wrâld ta ferfearn binne, dat se gjin weet mear hawwe fan har lân fan komôf, noch fan har oarspronklike etnisiteit. Ek kin it wêze dat har foarâlden, ienris yn Amearika oankommen, sa mei lju fan oare etnyske groepen yninoar omtroud hawwe, dat alle etnysk besef by har neikommelingen weiwurden is. Yn elts gefal antwurdet dizze groep as der by folkstellings nei har etnisiteit frege wurdt fan "Amerikaansk". Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2000 bestie doe 7,2% fan 'e Amerikaanske befolking út Angelsaksyske Amerikanen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in