Antillen

Kaart fan de Antillen.

De Antillen, ek wol de Kariben neamd, binne in eilannegroep yn de Karibyske See. Ta de Antillen behearre alle eilannen yn de Karibyske See, útsein de Bahama’s. De eilannegroep rint fan de Kuba, oan de súdkant fan Florida, oant Arûba, flakby de kust fan Fenezuëla.

De measte eilannen fan de Antillen wurde ta Noard-Amearika rekkene. Dochs wurde guon ek ta Súd-Amearika taskreaun, dit binne de lannen mei in protte Spaanske ynfloeden, Kuba, de Dominikaanske Republyk en Puerto Riko.

De Antillen binne ûnderferdield yn de Grutte Antillen en de Lytse Antillen. De Grutte Antillen foarmje de gruttere eilannen yn it noardlik part fan de Karibyske See. De Lytse Antillen binne de eilannen dy’t benammen yn it easten en it suden fan de see lizze. Dizze leste groep is wer ûnderferdield yn de Boppewynske Eilannen, wêr’t de SSS-eilannen ta behearre, en de Underwynske Eilannen, wêr’t de ABC-eilannen ûnderdiel fan útmeitsje.

Yn it gebiet fan de Antillen lizze mear as 7.000 grutte en lytse eilannen en riffen. De eilannen binne ûnderferdield yn 25 dielen, wêrfan guon ûnôfhinklik binne en guon ek ôfhinklik.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in