Appingedam | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Grinslân |
Gemeente | Iemsdelta |
Sifers | |
Ynwennertal | 11.533 (2021) |
Oerflak | 25,06 km² wêrfan lân: 24,19 km² wêrfan wetter: 0,78 km² |
Befolkingstichtens | 477 / km² |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 51' E |
Webside | Side stêd Appingedam |
Appingedam (Nederlânsk en offisjeel; Grinslânsk: N Daam of Apknkedaam, Frysk: Appingedaam) is in stêd yn Grinslân. Oant 1 jannewaris 2021 wie Appingedam ek in selsstannige gemeente. Appingedam wie earder de haadstêd fan it lânsdiel Fivelgoa en is ien fan de twa plakken yn Grinslân mei histoaryske stedsrjochten. Appingedam krige syn stedsrjochten yn 1327 fan de Opstalbeam, it wurdt ek wol de 12e Fryske stêd neamd. De stêd is in beskerme stedsgesicht.