Arabyske talen

Arabyske talen
algemien
lokaasje Midden-Easten, Noard-Afrika,
Hoarn fan Afrika, Malta
tal talen ±62 (ynkl. deade talen)
tal sprekkers ±310 miljoen (2018)
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatysk
   ● Semitysk
      ● Westsemitysk
         ● Middensemitysk
            ● Arabysk
subgroepen Aldnoardarabysk
Aldarabysk
   ● Modern Arabysk

De Arabyske talen foarmje in taalgroep dy't ta de Westsemityske kloft fan 'e Semityske talen heart. De Semityske talen meitsje sels wer ûnderdiel út fan 'e Afro-Aziatyske taalfamylje. Yn 'e mande mei de Noardwestsemityske talen (lykas it Hebriuwsk) foarmje de Arabyske talen binne de Westsemityske groep de Middensemityske talen. De Arabyske talen sels besteane út in stikmannich deade talen út 'e Aldheid, de ûnderskate fariëteiten fan it Arabysk, en dêropta it Malteesk. As men it Arabysk as ien inkele taal beskôget, besteane de Arabyske talen dus hjoed de dei mar út twa libbene talen (Arabysk en Malteesk). In protte taalkundigen ornearje lykwols dat it Arabysk útinoar falt yn in grut tal nau oaninoar besibbe, mar dochs selsstannige talen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in