Armitage Hux

Armitage Hux
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt militêr
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Kylo Ren
Snoke
kaptein Phasma
geastlike heit Lawrence Kasdan
J.J. Abrams
Michael Arndt
ûntstean 2015

Armitage Hux (Ingelske útspr.: [ɑː(ɹ)mɪˈtɑːʒ ˈhʌks], likernôch: "aa(r)-mit-taazj haks"), ornaris bekend as generaal Hux, is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy is ien fan 'e antagonisten út 'e trije films fan 'e Star Wars-ferfolchtrilogy, dy't tusken 2015 en 2019 makke waarden. It personaazje fan Hux waard betocht troch de senarioskriuwers fan it earste diel, Star Wars: Episode VII – The Force Awakens, te witten: Lawrence Kasdan, Michael Arndt en J.J. Abrams. Hux is in ûnoangename minsklike man dy't as generaal lieding jout oan 'e kriichsmacht fan 'e Earste Oarder yn 'e striid tsjin it Ferset. It personaazje fan Armitage Hux waard yn alle trije films spile troch akteur Domhnall Gleeson, dy't foar syn aktearjen lof rispe by filmkritisy likegoed as by fans, hoewol't de ferskowende rol fan Hux yn 'e filmtrilogy op minder begryp rekkenje koe.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy