Augsburg

Augsburg
Lân Dútslân
Dielsteat: Beieren
Krite: Kreisfreie Stadt
Ynwennertal 276.542 (2013)
Oerflak: 146,93 km²
Tiidsône: CET/CEST (UTC+1/+2)
Koördinaten: 48° 22′ N, 10° 54′ E
Webside: www.augsburg.de
Lizzing fan Augsburg yn Beieren

Augsburg (Beiersk: Augschburg) is in kreisfreie stêd yn it suden fan Dútslân. It is de haadstêd fan it Regierungsbezirk Swaben yn Beieren en leit oan de rivier de Lech. Yn Augsburg wenje 266.647 minsken en is neffens grutte de tredde stêd fan de dielsteat nei München en Nürnberg.

De namme fan de stêd komt fan it Romeinske legerplak en lettere Romeinske provinsjehaadstêd Augusta Vindelicorum (ek wol Augusta Vindelicum neamd), dy't 15 foar Kr. ûnder de Romeinske keizer Augustus as Castra oprjochte waard. Dêrom heart de stêd ta de âldste fan Dútslân.

Augsburg is de iennige Dútskse stêd mei in eigen offisjele feestdei, it Augsburger Hohes Friedensfest, dat alle jierren op 8 augustus fierd wurdt.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy