Aung San Suu Kyi (Birmaansk: , útsprekke as "aoeng san soe tsji", IPA: [àuɴ sʰáɴ sṵ tʃì], flaainamme the Lady ) (Rangoon, 19 juny 1945) is in Myanmareeske opposysje-politika, oanfierdster fan de geweldleaze beweging foar de minskerjochten en demokrasy yn Myanmar (it eardere Birma) en winneres fan de Nobelpriis foar de Frede fan 1991 en tsientallen oare ynternasjonale ûnderskiedingen.
By de algemiene ferkiezings fan 1990, krige har Nasjonale Beweging foar Demokrasy-partij 59% of fan alle stimmen en 81% (392 fan 485) fan de sitten yn it parlemint. Sy hie foar de ferkiezing lykwols al húsarrest oplein krigen. Sy hat benei 15 fan de 21 jier sûnt 20 july 1989 húsarrest hân oant hja op 13 novimber 2010 frijlitten waard.
Sûnt 6 april 2016 is se de Adviseur fan Steat fan Myanmar (State Councillor of Myanmar, in funksje dy't te ferlykjen is mei dy fan minister-presidint) en dêrom it haad fan it regear.
Yn 2017 kaam Aung San Suu Kyi te skande fanwegen it goedpraten fan de etnyske suveringen dy't it leger útfierd op de Rohingja, in islamityske etnyske groep yn it westen fan Myanmar. Yn desimber 2019 ferdigene hja it hanneljen fan de junta yn har lân by it Ynternasjonaal Gerjochtshof yn it Fredespaleis yn De Haach.
De ferhâlding tusken Aung Sang Suu Kyi en it leger waard minder yn 2020. By de parlemintsferkiezingen yn novimber fan dat jaar waard har partij op 'en nij fierwei de grutste foar in termyn fan fiif jier.
Begjin febrearis 2021 naam it leger de macht fannijs oer en waard Aung Sang Suu Kyi arrestearre.