Sir Marc Aurel Stein (Hongaarsk: Stein Aurél) (Boedapest, 26 novimber 1862 - 26 oktober 1943) wie in Hongaarsk archeolooch, yndiakundige en tibetolooch. Letter liet er him naturalisearje ta Britsk boarger.
Stein makke fjouwer grutte ekspedysjes nei Sintraal-Aazje: yn 1900, 1906-8, 1913-16 en 1930. By de ekspedysje fan 1906-8 roan er befriezing op en ferlear er in tal tiennen fan syn rjochter foet. Hy wie professor oan ferskate universiteiten yn Yndia en waard beynfloede troch Through Asia fan Sven Hedin út 1898.
Stein liet in kolleksje nei oan de British Library, Britsk Museum, Srinagar Museum en it Nasjonale Museum fan New Delhi. Dêr binne manuskripten, houten tabletten ûnder en dokuminten yn it Mandaryn, Tibetaansk, Tangut, Prakrit, Khotaneesk, Oeïgoersk, Sogdysk en it East-Turksk.
De grutste ûntdekking die Stein by de Mogaogrotten yn Dunhuang, dêr't er de Diamant-sûtra ûntduts, de âldst printe tekst fan de wrâld, tagelyk mei 40.000 oare rollen dy't yn 1900 ûntdutsen wiene troch de taoïstyske muonts Wang Yuanlu. De Frânske oriïntalist Paul Pelliot slagge it yn 1908 in tige weardefolle diel fan dy manuskripten fan Dunhuang te keapjen dy't troch Marcelle Lalou katalogisearre waard en opslein waard yn de Bibliothèque nationale de France. Stein ûntmaskere yn 1901 de ferfalsingen fan Islam Akhun.