Australyske dollar

De Australyske dollar is de munt fan Austraalje, dy't ûnder tafersjoch fan de Reserve Bank of Australia útjûn wurdt. De Australyske dollar wurdt ek as offisjele munt brûkt op Kiribaty, Naurû en Tûvalû. Ofkoartings dy't gauris brûkt wurde binne $A, A$ en AU$. De ynternasjonale koade foar de Australyske dollar is AUD (ISO 4217).

Yn 1910 waard de Australyske pûn ynfierd as opfolger fan de Britske pûn. Yn 1966 waard dy ferfongen troch de Australyske dollar.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy