In auto, eins koart foar automobyl (fan it Grykske αὐτός, autós, "sels", en it Latynske mobile, "bewegend"), is in selsstannich bewegend rydtúch om minsken, foarwerpen en/of bisten te ferfieren. It begryp 'auto' kin op ferskate manearen definiëarre wurde, mar almeast wurdt útgien fan 'e persoane-auto of lúkse auto. Yn dy (inge) sin is in auto in selsridend fiertúch dat him foar it meastepart op wegen fuortbeweecht, fjouwer tsjillen hat, dêr't ien oant acht minsken yn passe, en dêr't yn it foarste plak minsken mei ferfierd wurde ynstee fan foarwerpen of bisten. Yn bredere sin kinne ek ôfwikende foarmen ûnder it begryp 'auto' beflapt wurde, lykas de bestelauto, it bestelbuske en de frachtwein (dy't benammen bedoeld binne om foarwerpen of bisten te ferfieren) en de autobus (dy't folle mear as acht persoanen ferfiere kin). Yn 2014 waard rûsd dat der wrâldwiid mear as 1,25 miljard auto's op 'e dyk wiene, wat delkomt op mear as in ferdûbeling yn ferhâlding mei de 500 miljoen fan 1986. It oantal auto's giet noch altyd hurd omheech, benammen yn Sina, Yndia en oare nije yndustrylannen.