Baflo

Baflo
De âlde tsjerke fan Baflo mei frijsteande toer
De âlde tsjerke fan Baflo mei frijsteande toer
Emblemen
                 
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal 1.833 (2023) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 21' N 6° 30' E
Kaart
Baflo (Grinslân)
Baflo

Baflo (Grinslânsk: Bavvelt) is in doarp yn de gemeente It Hegelân yn de provinsje Grinslân. Oant 1990 wie Baflo it haadplak fan de gemeente Baflo. It doarp hat mei it dûbeldoarp Rasquert goed 1800 ynwenners.

It wapen fan Baflo is ôflaat fan it wapen fan Rudolf Agricola, de bekende humanist dy't yn Baflo berne is. It doarp is boud op en om de wierde dy't om likernôch 600 foar Kristus oanlein is. Op de wierde fan Baflo stiet de romaanske St. Laurentiustsjerke út de 12e iuw. De tsjerke hat in frijsteande toer út de 13e iuw. By it doarp leit in stasjon oan it spoar Grins - Roodeschool.

  1. Alle Cijfers

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy