Baktearje

Bacillus subtilis
Baktearjefoarmen
Skematyske struktuer fan in baktearje

Baktearjen (wittenskiplike namme: Bacteria, iental Bacterium) binne (iensellige) mikro-organismen, dy't sa lyts binne dat se allinnich ûnder in mikroskoop te sjen binne. In wichtige eigenskip fan baktearjen is, dat se har hurd fermearderje kinne. In baktearje is in prokaryoat en hat dus gjin selkearn. It erflike materiaal sweeft om yn it sytoplasma. It DNA bestiet meastal út mar ien ringfoarmich gromosoam, faak beselskippe troch ien of mear plasmiden, dy't ek genetyske ynformaasje befetsje. Baktearjen kinne ûnderling plasmiden útwikselje (konjugaasje), wêrtroch't se rekombinearje. Sa ûntsteane allegeduerigen nije bacterievariëteiten.

De Bakteria waarden eartiids Eubakteria neamd. Yn it algemiene spraakgebrûk wurdt meastal gjin ûnderskied makke tusken Bacteria ("gewoane" baktearjen) en Archaea (oerbaktearjen), dy't tegearre de groep prokaryoaten foarmje. Yn de taksonomy foarmje de Bakteria lykwols in ôfsûnderlik Ryk of Domein.

Blaualgen of blauwieren, dy't gjin echte algen of wieren binne mar syanobaktearjen, hearre ek ta de prokaryoaten.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in