Barack Obama

Barack Obama
politikus
echte namme Barack Hussein Obama
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 4 augustus 1961
berteplak Honolulu (Hawaï)
etnisiteit Afro-Amerikaansk
Iersk
Ingelsk
Lûo
partij Demokratyske Partij
prizen Nobelpriis foar de Frede 2009
Presidint fan de Feriene Steaten
amtsperioade 20092017
foargonger George W. Bush
opfolger Donald Trump
Amerikaansk senator foar Illinois
amtsperioade 20052008
foargonger Peter Fitzgerald
opfolger Roland Burris
Lid fan de Steatssenaat fan Illinois
(foar it 13de Distrikt)
amtsperioade 19972004
foargonger Alice Palmer
opfolger Kwame Raoul

Barack Obama (folút: Barack Hussein Obama; Honolulu, 4 augustus 1961) is in Amerikaansk jurist en Demokratysk politikus fan mingd etnysk Ingelsk, Iersk en Keniaansk Luo-komôf, dy't tusken 2009 en 2017 de 44e presidint fan de Feriene Steaten wie. Foartiid wied er abbekaat, lid fan 'e steatssenaat fan Illinois en lid fan 'e Amerikaanske Senaat. Hy is de earste swarte Amerikaanske presidint. Syn foargonger wie de Republikein George W. Bush, en syn fise-presidint is Joe Biden. By de presidintsferkiezings fan 2008 fersloech er de Republikein John McCain, en by de ferkiezings fan 2012 wûn er in twadde termyn troch de Republikein Mitt Romney oermânsk te wurden. Begjin 2017 droech er it presidintskip oer oan 'e Republikein Donald Trump.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy