Beam

Solitêre bûk
Besnijde beamtoppen.
Jierringen fan robinia

In beam is in fêste plant mei in houten stamme en in kroan (krún). De measte definysjes neame hichte (minimaal fjouwer meter) en it hawwen fan ien stamme. In beam kin, ôfhinklik fan it sioarte, fan fjouwer oant mear as hûndert meter heech wurde en groeie op tige ferskillende grûnsoarten. De mangrovesoarten groeie sels yn brak wetter.

In beam kin ôfhinklik fan it soarte en de omstannichheden tige âld wurde, fan folle hûnderten oant inkele tûzenen jierren. Sa kin de ginkgo mear as 1000 jier âld wurde: yn Sina is de âldste Ginkgo ûngefear 3500 jier. Wylch en popel hearre ta de beammesoarten dy't meastal net mear as hûndert jier wurde.

Troch it formaat spylje beammen faak in haadrol yn in hiele libbensmienskip. Fûgels bouwe der harren nêst, moasen en koarstmoassen libje op de stamme, op de tûken en soms op de blêden, skimmels libje yn symbioaze mei of parasitêr op of yn de beam. Ynsekten libje fan de blêden of it hout (ûnder oare houtwjirm). Slûpwaspen parasitearje wer op dizze ynsekten. Ek is de beam fanwege de fruchten en siedden in wichtige fiedselboarne foar ûnder oare iikhoarns en fûgels.

De minsk brûkt de beam neist fiedselproduksje en sier ek foar de produksje fan timmer- en brânhout.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy