Bedriging (misdriuw)

In bedriging yn 'e strafrjochtlike sin fan it wurd omfiemet almeast it driigjen mei lichaamlik geweld tsjin in persoan, syn neisten of syn besittings. As der drige wurdt mei geweld oant de dea derop folget, sprekt men fan in deadsbedriging. Bedrigings kinne op in grut tal ûnderskate manearen utere wurde, fan direkte mûnlinge kommunikaasje oant yn in tillefoanpetear, fia de e-mail (haatmail) of yn in brief (in driichbrief of kûgelbrief). Guon bedrigings binne tige subtyl, wylst oaren dat beslist net binne. Bedrigings kinne fuortkomme út in winsk om beskate konkrete belangen te ferwêzentlikjen, út 'e ferdigening fan besteande rjochten, út wraak of út emosjonele útbarstings. Oerlaping tusken dizze fjouwer kategoryen komt in soad foar.

Bedriging is yn it Nederlânske strafrjocht strafber ûnder kêst 285 fan it Wetboek fan Strafrjocht. Dêryn wurdt spesifyk neamd: bedriging fan ynternasjonaal beskerme persoanen (lykas steatshaden, regearingslieders en oare heechpleatste funksjonarissen); bedriging mei geweld yn it algemien; en bedriging mei moard, ferkrêfting, seksuële oantaasting, gizeling (misdriuw),, swiere mishanneling of brânstifting. Hjirop stiet in finzenisstraf fan maksimaal twa jier of in jildboete fan 'e fjirde kategory. Skriftlike bedrigings yn dit ramt wurde de dieder slimmer oanrekkene en kinne bestraft wurde mei maksimaal fjouwer jier finzenisstraf of in jildboete fan de fjirde kategory. Op bedriging mei in terroristysk eachmerk stiet seis jier finzenisstraf of in jildboete fan de fjirde kategory, en as de bedriging dien wurdt om in oar terroristysk misdriuw mooglik te meitsjen, kin de straf noch in trêdepart ferhege wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in