Belesting

De belesting wurdt betelle op in skilderij út omtrint 1630 fan Pieter Brueghel de Jonge.
Net te betiizjen mei belêsting, de krêften dy't earne op útoefene wurde.

Belesting, soms ek taks neamd (fan it Latynske taxo, "ferhâlding"), is in algemiene, ferplichte betelling troch boargers en oare rjochtsûnderdienen (lykas bedriuwen) oan 'e oerheid fan it lân dêr't se yn wenje of fêstige binne. It byhearrende eigenskipswurd is fiskaal, in ferbûging fan it wurd fiskus, dat de belestingtsjinst oantsjut, de ynstânsje fan 'e oerheid dy't oer de belestings giet. It ynjen fan belesting troch de oerheid wurdt belestingheffing neamd, en dêrom neamt men in beskate belesting soms ek wol in heffing. Foar belestingheffing stiet gjin yndividuële tsjinprestaasje oer fan 'e oerheid yn 'e rjochting fan in beskate rjochtsûnderdien. As der foar in betelling oan 'e oerheid wol in prestaasje fan 'e kant fan 'e oerheid foar in beskate rjochtsûnderdien oer stiet, sprekt men fan in retribúsje.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy