Bell UH-1 Iroquois

UH-1 Iroquois
Huey


Rol Multyfunksjonele militêre helikopter
Makker Bell Helicopter
Earste flecht 20 oktober 1956 (XH-40)
Yn tsjinst 1959
Ut tsjinst Beheind militêr gebrûk
Tal makke >16.000 (1956–1987)
Grutste brûkers United States Army, Japan Ground Self-Defense Force, Australian Army
Farianten Bell UH-1N Twin Huey, Bell 204/205, Bell 212
UH-1D's yn Fjetnam, 1966

De Bell UH-1 Iroquois is in mearsidige militêre helikopter mei de bynamme "Huey" – in ferbastere ôfkoarting fan Helicopter Utility – en dy't bekend waard fan de Fjetnamoarloch. It tastel is wrâldwiid brûkt by militêre operaasjes en tal fan oare doelen.

Yn de rin fan jierren waarden twa ferzjes fan it tastel útbrocht; de 1 motorige modellen 204 en 205 en de 2 motorige modellen 212 en 412. Boppedat wiene der tsientallen farianten op de ferzje mei ien motor.

De Huey waard by de US Army ferfongen troch de UH-60 Black Hawk. It Amerikaanske Korps Mariniers (USMC) fleach der noch in tal jierren mei oant ek dêr de UH-60 oanskaft waard.

Fan 2004 ôf wurdt de Huey net mear brûkt troch de Amerikaanske striidkrêften. De nije UH-1Y 'Venom' tsjinnet fan 2008 ôf oan by it USMC.

Yn guon lannen wurdt it tastel noch militêr brûkt, mar hat hjoed-de-dei dochs meast sivile taken.

Ek yn Nederlân hat de Huey flein; fan 1962-1977 fleach de UH-1B by de Marine Loftfearttsjinst by de squadrons 1 en 7. Fan 1994 ôf binne trije yn Italië yn lisinsje makke Agusta Bell AB412SP’s (Huey II) yn gebrûk by de Keninklike Loftmacht foar it útfieren fan search and rescue-taken (SAR) fanôf de fleanbasis Ljouwert. Dy helikopters hawwe oars in rotor mei fjouwer blêden.

De Dútske lânmacht (Heeresflieger) fljocht noch mei de UH-1D en de loftmacht (Luftwaffe) brûkt him foar SAR-taken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy