Benton County (Washington)

Benton County (Washington)
Benton County yn de steat Washington
Benton County yn de steat Washington
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
Sifers
Ynwennertal 182.398 (2012)
Oerflak 4558 km² (ynkl. wetter)
4411 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 39,7 / km²
Oar
Stifting 1905
Tiidsône UTC-8
Simmertiid UTC-7
Offisjele webside
www.co.benton.wa.us
De wyngerd Kiona mei de Rattlesnakeheuvels op eftergrûn. Twa soarten drúven binne te sjen op in hjerstmis dei.

Benton County is in county yn it suden fan de Ameikaanske steat Washington. De county is ferneamd nei senator Thomas Hart Benton fan Missoury. Hy hat in oerflak fan 4558 km². Neffens de folkstelling fan 2010 hie de county 175.177 ynwenners en it hie in rûsde ynwennertal fan 182.398 yn 2012. De haadstêd is Prosser en de grutste stêd is Kennewick.

De rivier de Kolumbia foarmet de grins yn it noarden, easten en suden. Yn it noarden grinzet de county oan Grant County, yn it noardeasten oan Franklin County, yn it easten oan Walla Walla County, yn it suden oan de steat Oregon, yn it súdwesten oan Klickitat County en yn it westen oan Yakima County.

De county waard op 8 maart 1905 stifte en foarme út Yakima County en Klickitat County.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy