Berbertalen

Berbertalen
algemien
oare namme(n) Tamazight
lokaasje Noard-Afrika
● Om utens yn Belgje, Dútslân, Feriene Steaten, Frankryk, Itaalje, Kanada, Nederlân en Spanje
tal sprekkers ±40 miljoen
taalbesibskip
taalfamylje Afro-Aziatyske talen
subgroepen Noardlike Berbertalen
Westlike Berbertalen
Eastlike Berbertalen
  ● ?Eastnumidysk
  ● ?Gûantsje
taalkoades
ISO 639-5 ber
De ferskate Berbertalen ferspraat oer Noard-Afrika

De Berbertalen, ek bekend as Berbersk, Amazight of Tamazight (Berbersk: Tamaziɣt, Tamazight; Nij-Tifinagh: ⵜⴰⵎⴰⵣⵉⵖⵜ, Tûarek-Tifinagh: ⵜⵎⵣⵗⵜ, útsprutsen [tæmæˈzɪɣt], [θæmæˈzɪɣθ]), binne in takke fan de Afro-Aziatyske taalfamylje en besteane út nau oaninoar besibbe talen dy't sprutsen wurde troch de Berbers, in lânseigen folk yn Noard-Afrika. De talen waarden eartiids yn it Libysk-Berbersk skrift skreaun, dat hjoed-de-dei as it Tifinagh bestiet.

De Berbertalen wurde sprutsen troch grutte befolkingsgroepen yn Marokko, Algerije en Lybje en troch lytsere befolkingsgroepen yn Tuneezje, Mauretaanje, noardlik Maly, westlik en noardlik Niger, noardlik Bûrkina Faso en yn de Siwa-Oäze yn westlik Egypte. Grutte groepen Berbers om utens, likernôch 4 miljoen, wenje sûnt de 1950er jierren yn Frankryk, Nederlân, Belgje, Dútslân, Itaalje en Spanje en lytsere groepen wenje yn Kanada en de Feriene Steaten. Lykwols net alle Berbers prate in Berbertaal.

Likernôch 95 prosint fan de Berbersktaligen prate ien fan de sân grutste farianten fan it Berbersk mei op syn minst 2 miljoen sprekkers. Dy binne yn folchoarder fan it tal sprekkers: Tasjelhit, Kabilysk, Midatlas-Tamazight, Riffynsk, Sjawia en de Tûarektalen. De útstoarne talen Numidysk (ek wol Eastnumidysk of Aldlibysk) en Gûantsje, dat op de Kanaryske Eilannen sprutsen waard, en mooglik ek de talen fan de C-Groepkultuer yn hjoeddeistich súdlik Egypte en noardlik Sûdan, hearden nei alle gedachten ta de Berberske takke fan de Afro-Aziatyske talen.

De Berbertalen hawwe wol 2500 jier in eigen skrift hân dat troch de jierren hinne troch kulturele ynfloed en ynfaazjes om utens beynfloede waard. It earste skrift wie in Libysk-Berbersk abjad, dat hjoed-de-dei troch de Tûarek yn de foarm fan Tifinagh brûkt wurdt. De âldste bewarre ynskripsje komt fan de tredde iuw f.Kr.. Letter, likernôch tusken 1000 en 1500 n.Kr., waard it almeast yn it Arabysk skrift skreaun, en sûnt de tweintichste iuw wurdt it Berbersk-Latynsk alfabet brûkt, benammen troch de Kabilyske en Riffynske mienskippen yn Algerije en Marokko. In nije foarm fan Tifinagh, it saneamde Nij-Tifinagh, waard yn 2003 yn Marokko oannommen, mar de measte Berberske skriuwers brûke hieltyd noch it Berbersk-Latynsk alfabet. Yn Algerije wurdt it Berbersk yn it Latynsk alfabet op skoallen ûnderrjochte, wylst it Tifinagh mear foar keunstdoelen ornearre wurdt. Yn Maly en Niger wurdt it Tûarek-Berbersk-Latynsk brûkt, dat oanpast is op de útspraak yn it Tûarek, wylst Tifinagh dêrfoaroer ek in soad brûkt wurdt.

Der is in politike en kulturele beweging warber ûnder de sprekkers fan de ferskate foarmen fan it Noardberbersk en ûntwikkelje in Tamazight-standerttaal. De namme Tamazight (of Tamaziɣt) is de lânseigen namme fan de sprekkers yn it Midatlas en it Rifberchtme yn Marokko. Yn oare Berberske gebieten is de namme ferdwûn, wylst der histoarysk bewiis út de midsiuwen is dat de lânseigen folken yn Noard-Afrika harren taal Tamaziɣt neamden. De namme Tamaziɣt wurdt hjoed-de-dei hieltyd mear troch gelearde Berbers brûkt foar de skreaune taal en sels foar it gânse Berbersk.

It Berbersk waard in offisjele taal yn 2001 yn Algerije en yn 2011 yn Marokko. Yn 2016 krige it Berbersk yn Algerije in lykweardige posysje as it Arabysk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in