Betinking fan de Slach by Warns

Betinking fan de Slach
by Warns
It tinkteken foar de Slach by Warns op Reaklif.
It tinkteken foar de Slach by Warns op Reaklif.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Warns
holden yn iepen loft op Reaklif
tiid fan it jier sneon tichtst by 26 sept.
bysûnderheden
oanlieding Slach by Warns
soarte evenemint betinking
bestean 1945 – no
org. troch Stifting Betinking fan
   de Slach by Warns
offisjele webside
www.slachbywarns.frl

De Betinking fan de Slach by Warns is in betinking fan 'e Slach by Warns, út 1345, dy't elts jier op 'e sneon holden wurdt dy't it tichtst by 26 septimber falt, troch fermiddens fan 'e Fryske Beweging op it Reaklif, oan 'e súdkust fan Fryslân, tichteby it doarp Warns.[1][2] De betinking ûntstie oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, nei't der yn it Ynterbellum yn frysksinnige fermiddens in jierrenlange diskusje west hie oer de winsklikheid fan sa'n evenemint as fehikel foar it Frysk nasjonalisme.[2] De organisaasje fan 'e betinking is sûnt 1951 yn 'e hannen fan 'e Stifting Betinking fan de Slach by Warns.[2] It bleau altyd in gearkomste foar in beheind tal frysksinnigen, nettsjinsteande it feit dat fan 'e 1970-er jierren ôf ferskate kearen besocht is om 'e Betinking fan 'e Slach by Warns oantrekliker te meitsjen foar in breder publyk.[2][3]

  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 32.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2425-2426.
  3. Grosso, Maria del, Warnsbetinking: Wy meie der ek wêze, yn: de Ljouwerter Krante, 29 septimber 2018, bylage Sneon & Snein, s. 5-7.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in