Betty Ford | ||
politikus | ||
echte namme | Elizabeth Ann Bloomer Ford | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 8 april 1918 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stjerdatum | 8 july 2011 | |
stjerplak | Rancho Mirage (Kalifornje) | |
etnisiteit | Dútsk Ingelsk | |
partij | Republikeinske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 1991 | |
First Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1974 – 1977 | |
foargonger | Pat Nixon | |
opfolger | Rosalynn Carter | |
Second Lady fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1973 – 1974 | |
foargonger | Judy Agnew | |
opfolger | Happy Rockefeller |
Betty Ford, berne as Elizabeth Ann Bloomer (Chicago, 8 april 1918 – Rancho Mirage (Kalifornje), 8 july 2011), wie de frou fan 'e Amerikaanske presidint Gerald Ford. Hja wie second lady fan 'e Feriene Steaten (fise-presidintsfrou) fan 1973 oant 1974, en first lady fan 'e Feriene Steaten (presidintsfrou) fan 1974 oant 1977. Yn dy lêste hoedanichheid wie se aktyf op it mêd fan sosjaal belied, wêrmei't se presedinten skoep foar lettere first ladys. Hja is lykwols it bekendst wurden troch har lange striid tsjin har alkoholferslaving en de dêrfandinne nei har neamde Betty Ford Klinyk foar behanneling fan û.o. alkoholisme.