Bibel | ||
De Gutenbergbibel, de earste printe Bibel. | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | ferskaat (meast anonym) | |
taal | Hebriuwsk, Arameesk, Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje, proaza, poëzij | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 10e iuw f.Kr. – 2e iuw n.Kr. | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Bibel | |
publikaasje | 1943, Haarlim | |
útjouwer | Nederlands Bijbelgenootschap | |
oersetter | G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma |
De Bibel is de gongbere namme foar in kanonike samling teksten dy't yn ûnderskate gearstallings as hillich beskôge wurdt troch de joadske en kristlike godstsjinsten. Ferskillende religieuze groepen beflappe ferskillende boeken yn harren kanons of foegje ekstra materiaal ta oan 'e kanonike teksten. Yn 'e Westerske wrâld (en dêrmei dus ek yn Fryslân) sil mei "de Bibel" ornaris de algemiene kristlike kanon fan 66 boeken bedoeld wurde, mar de kanon fan 'e Etiopysk-Otterdokse Tsjerke beslacht 88 boeken, wylst de joadske Bibel, de Tenach, mar 24 boeken hat. Dy omfettet inkeld it earste diel fan 'e kristlike Bibel, it saneamde Alde Testamint, dat oarspronklik skreaun wie yn it Hebriuwsk, mei beskate passaazjes yn it Arameesk. It twadde diel fan 'e kristlike bibel, it Nije Testamint, is in lettere tafoeging en wie oarspronklik skreaun yn it Gryksk.
Koartsein fertelt de Bibel it ferhaal fan 'e skiednis fan 'e wrâld en de minske, hoe't dy troch de iene God skepen binne en hoe't it dermei ôfrinne sil oan 'e ein fan 'e tiden. Hoewol't it eins in samling fan losse geskriften is dy't oanwiisber skreaun binne troch in ferskaat oan skriuwers (likernôch fjirtich), oer in perioade fan om-ende-by de tûzen jier, beskôget in grut part fan 'e joadske en kristlike leauwenden de Bibel dochs as "it Wurd fan God"; sy hâlde út dat de skriuwers de wurden dy't se delskreaune fan God krigen hawwe moatte troch de wei fan godlike ynspiraasje.
De âldste oerlibjende folsleine kristlike Bibels binne Gryksktalige manuskripten út 'e fjirde iuw. It âldste hanskrift fan 'e joadske Tenach, yn it Hebriuwsk en it Arameesk, datearret út 'e tsiende iuw. De Bibel is it meast ferkochte boek yn 'e wrâld, mei in jierlikse ferkeap fan 25 miljoen eksimplaren. It is ek it meast oersette boek en hat troch de iuwen hinne in grutte ynfloed hân op 'e Westerske kultuer en op 'e talen fan joadske en kristlike folken. De earste folsleine Fryske bibeloersetting, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, ferskynde yn 1943.