Biltsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Bildts | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 8.500 (2009) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Hollânsk-Frysk ● Biltsk | |
dialekten | Eastbiltsk, Westbiltsk | |
taalstatus | ||
offisjele status | gjint | |
erkenning as minderheidstaal |
Nederlân: ● Fryslân (as streektaal) | |
taalkoades | ||
ISO 639-1 | – | |
ISO 639-2 | – | |
ISO 639-3 | – |
It Biltsk (Biltsk: Bildts) is in Hollânsk-Fryske mingtaal dy't sprutsen wurdt yn 'e ta de provinsje Fryslân hearrende gemeente It Bilt. It is ûntstien doe't Joaris mei it Burd, de soan fan Albrecht fan Saksen, yn 1505 lju út súdlik Hollân hellen om 'e mûning fan 'e eardere Middelsee drûch te lizzen. De Hollanners setten har neitiid op it nije lân nei wenjen en trouden mei Friezen út 'e omlizzende kontreien yninoar om. Mei rekke ek har Hollânske spraak fermongen mei it Frysk, en sûnt hat dy in ûntjouwing kend dy't fierhinne parallel opgien is mei de taalûntwikkeling fan it Frysk. It doarp Minnertsgea, dat op it "âlde lân" lei en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.