In biografy (Gryksk: βιος, 'libben') of libbensbeskriuwing is de beskriuwing fan it libben fan in persoan, dy’t meast ek publisearre wurdt. De skriuwer fan in biografy is in biograaf.
De term wurdt meast brûkt foar non-fiksje, dat wol sizze in wurk dat immens wiere libben besiket te beskriuwen. Meast giet it om in ferneamd persoan. Foar de Renêssânse wie in biografy meast in opneamen fan immen’s prestaasjes sûnder krityske noaten. Dêrnei wurdt mear stribbe nei objektivens en komme ek negative aspekten fan de persoan op it aljemint.
In biografy is wol ferheljend en wol sa in better ynsicht jaan op de persoalikheid en karakter fan de beskreaune persoan as at in drûge opsomming fan feiten dwaan soe. In biografy fan in hillige hjit in hilligelibben of hagiografy. In koarte biografy fan immen dy't koartlyn ferstoarn is, wurdt in nekrology neamd. Dy term wurdt ek wol brûkt at de skriuwer syn ûnderwerp net kritysk genôch behannelet. As de skriuwer fan in biografy ek it ûnderwerp fan de biografy is, wurdt fan in autobiografy sprutsen.