In boargeroarloch of boargerkriich, soms ek wol in binnenlânske oarloch of yntern konflikt neamd, is in oarloch wêrby't de stridende partijen diel útmeitsje fan itselde lân. Boargeroarloggen wurde gauris útfochten om religieuze, etnyske of polityk-ideologyske redens, mar soms is it simpelwei in striid tusken twa rivalisearjende groepen dy't beide de macht yn in lân hawwe wolle. De oantsjutting 'boargeroarloch' is in lienfertaling fan it Latynske bellum civile, dat yn 'e Aldheid brûkt waard om te ferwizen nei de ferskate boargeroarloggen fan 'e Romeinske Republyk. De term betsjut net dat der boargers by de striid belutsen binne (hoewol't dat faak wol sa is), mar dat de oarloch útfochten wurdt troch steatsboargers fan itselde lân.