Boatebuorren is in buorskip boppe it doarp Blije yn de gemeente Noardeast-Fryslân oan de N357. Lâns de eastrâne fan it Scheltemastinsterrein ferriisden yn de 19e iuw huzen, dy't nei Boate Hendriks, yn 1798 eigener fan it Scheltematerrein Boatebuorren neamd waarden.
Yn 1840 bestie de buorskip út acht huzen. Anno 2018 hat de buortskip fjouwer wenten op de hoeke Boatebuoren/Vogelzangsterweg en in pleats, in ryksmonumint, oan de N357. Nei dy pleats giet de buorskip oer yn De Ryp.