Boek fan Mormon

It Boek fan Mormon

It Boek fan Mormon is foar de leden fan de Tsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste Dagen in hillich boek. De Mormoanske profeet Joseph Smith publisearre it boek yn 1830 foar it earst ûnder de titel The Book of Mormon: An Account Written by the Hand of Mormon upon Plates Taken from the Plates of Nephi. De ynhâld fan it boek is neffens de Mormoanen ôfkomstich fan in saneamd herfoarme Egyptyske tekst op gouden platen, skreaun troch in rige profeten dy't tusken likernôch 2200 foar Kristus oant ± 400 nei Kristus op it Amerikaanske kontinint libbe hawwe soene. Joseph Smith sei dat er de platen op oanwizing fan de ingel Moroni yn 1827 fûn hie op in heuvel tichteby syn âldershûs yn Manchester yn de steat New York. Tagelyk mei de gouden platen fûn Smith ek oare saken lykas de Oerim en Tûmmim, wêrmei't er de tekst lêze koe sûnder op de platen te sjen.

Foar Mormoanen is it Boek fan Mormon njonken de Bibel in hillige skrift, mar op it twadde plak ek in histoarysk ferslach fan God's hanneljen mei de oarspronklike bewenners fan it Amerikaanske kontinint. Yn it boek wurdt de skiednis beskreaun fan twa grutte kultueren dy't eartiids yn Amearika bewennen. De iene beskaving kaam yn 6000 foar Kristus út Jeruzalim nei Amearika en de oare kaam folle earder út it dy omkriten nei Amearika. Neffens Smith begroef de lêste profeet fan it folk dat ôfkomstich wie út Israel, in man mei de namme Moroni, foar syn dea de gouden platen yn de heuvel Cumorah dêr't hjoed-de-dei Manchester leit. Moroni kaam yn 1827 werom as ingel en iepenbiere Joseph Smith de lokaasje fan de platen. Moroni joech him opdracht om de platen yn it Ingelsk oer te setten om dêrmei de wiere tsjerke fan Kristus te restaurearjen. It boek wurdt ferdield yn lytsere boeken mei titels dy't ferwize nei de oarspronklike skriuwers. De tekst wurdt yn haadstikken en ferzen ferdield. Nei de Ingelske oersetting is it boek yn in grut tal oare talen oerset.

Kritisy sizze dat Smith sels de betinker wie fan de tekst en dat er him dêrby basearre hat op ideeën, dy't yn dy tiid opgong makken.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy